Anne-Goaitske Breteler: "Kwetsend, hoe't Hugo de Jonge oer kultuer praat!"

"Ik bin der lilk oer -en ha der sels wekker fan lein- dat minister Hugo de Jonge sa kwetsend oer kultuer praat." De jonge publisiste en kultuermakker makke har sa lilk oer it trage tempo dêr't de kultuer wer romte yn krijt fanwege corona. Benammen de opmerking fan de minister dat jo ek wol in DVD-tsje opsette kinne fan it ien of oar, rekke Breteler bot.
Anne-Goaitske Breteler © Omrop Fryslân, René Koster
"Kultuer is net opsjoneel, it is sa'n wichtich ûnderdiel fan it libben en wolwêzen fan minsken. Ik tink ek dat it ek bot bydraacht oan hoe't minsken har fiele. It docht sa'n soad mei minsken en lit har neitinke. Krekt dat ha we op 't heden sa nedich. En boppedat snap ik net wêrom't we hjir neat oer hearre fan minister Van Engelshoven."
Anne-Goaitske Breteler die har útspraken yn it Nijsfoarum fan Buro de Vries en krige dêryn stipe fan de beide oare foarumleden Habtamu de Hoop (PvdA) en Femke Wiersma (Boer Burger Beweging).
Wiersma wiisde dêrby op it ferbinende karakter fan keunst en kultuer en dat it bydraacht oan 'gelokservaringen'. De Hoop makke de ferliking mei it leauwen en sport: "Foar guon minsken is dat o sa wichtich yn harren bestean. Mar dat jildt krekt sa foar kultuer, wat my oanbelanget. Ik ha my dan ek hiel lilk makke om dy útspraken fan De Jonge. En as partij dogge we der alles oan om ek sa gau mooglik mear romte foar kultuer te krijen."
"Ik bin hiel lilk wurden op minister Hugo de Jonge"