Alvestêdetochtsteppers helje 55.460 euro op nei 460 kilometer op de autopet

23 maaie 2021 - 19:10

De sân freonen dy't dit wykein twa kear de alvestêdetocht steppend ôflein ha, ha dêrmei 55.460 euro ophelle foar it goede doel. De helte fan it bedrach giet nei de Hartstichting, wylst de oare helte nei it kânkerfûns KWF giet.

Alvestêdetochtsteppers helje 55.460 euro op huldiging

Sneintejûn kaam er in ein oan de meunstertocht fan de sân freonen. De groep bestiet út Johan Bloemhof, syn broers Harm en Freddy, Esther de frou fan Freddy, Jurjen Burghgraef, Sjoerd Vellinga en Joris Bos.

Drok by de finish

Yn Boalsert wie it behoarlik drok doe't de freonen dêr foar de twadde kear dit wykein op de finish ôfkamen. Oardel meter ôfstân hâlde wie net goed mooglik by de huldiging. "It is feest. It is krekt of ha we Boalsert in bytsje de Pinkster wer werom jûn", sei stepper Johan Bloemhof by de finish.

Neffens de steppers wie de twadde omloop fan 230 kilometer makliker as de earste kear. Dat kaam om't it waar op snein wat bettere wie as op sneon. Ek fernamen de steppers dúdlik dat de belangstelling en de wurdearring fan it publyk lâns de kant hieltiid grutter waard op de twadde dei.

Stepper Johan Bloemhof by de finish yn Boalsert

De steppers op snein ûnderweis yn Fryslân

Mei it bedrach fan 55.460 euro ha de steppers it bedrach fan 50.000 euro, dat se yn it foar opsteld hiene, rom helle. Se hoopje dat it bedrach yn de kommende dagen ek noch wat oprinne sil.

Foto: Onno Falkena, Omrop Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)