Roeister Ymkje Clevering: "Goud op de Spelen is it útgongspunt"

"Dit wie wol spesjaal, mei sa'n foarsprong winne op sa'n moai plak as hjir yn Luzern. Dan ha je it dochs nei it sin." Roeister Ymkje Clevering wûn sneintemiddei goud by de wrâldbeker yn it Switserske Luzern yn de fjouwer-sûnder stjoerfrou. De froulju wiene in klasse apart en lieten de konkurrinsje kânsleas.
© ANP
"Yn de boat sieten neist Ymkje Clevering (fan Haulerwyk) Sophie Souwer, Karolien Florijn en Veronique Meester. Earder feroveren se foar de tredde kear op rige de Europeeske titel. Dêrom sochten wy kontakt mei har om te praten oer dat grutte doel fan dit jier, de Olympyske Spelen yn Tokyo.

Hoe wichtich is dit resultaat yn tarieding op de Spelen?

"It is noflik dat we dizze resultaten boeke yn ús tarieding op Tokyo, dat betsjut dat we goed ûnderweis binne. Ik tink ek dat wy wol wat goed dogge, mar earlik is earlik, favoriten lykas Ierlân diene hjoed net mei. Mar as it ferskil op de finish dan sa grut is as hjoed, dat jout wol in goed gefoel."

Hoe sjocht de tarieding op Tokyo der fierder út?

"Wy sitte no yn Switserlân. Wy gean no troch nei Italië, dus hooplik kinne we dizze oerwinning dêr fiere mei in pizza en in bierke, haha. Dan is der ien Italië noch in wrâldbeker yn Rome dêr't wy oan meidogge. Dêrnei gean wy twa wiken nei Nederlân, om dan wer twa wiken op trainingskamp yn Italië te dwaan. En dan is it al safier, dan gean wy nei Japan!"

Hoe komt it op de Spelen, sit der in gouden medalje yn?

"Wy leauwe yn in medalje. Dat is wol ús útgongspunt. Wy traine foar it goud, en dan is it mar krekt hokker foarm de konkurrinsje hat op dat momint. Australië wûn fan ús op it WK fan 2019, Ierlân is op dit stuit hiel sterk en fan Amearika witte je eins nea hoe goed dy binne. Dêr moatst altyd foar oppasse."
"Wy traine mei de ynstek om goud te winnen"