Veenhoop Festival giet net troch: "We moatte mekoar wol oankrûpe kinne"

It Veenhoop Festival giet dizze simmer net troch. De organisaasje hat lang twivele mar hat it beslút no definityf naam. Der is noch te folle ûndúdlik om yn july in ferantwurde festival te organisearjen. It festival stie neffens tradysje op 'e aginda foar 23, 24, 25 en 26 july.
© Veenhoop Festival
De organisaasje hat it beslút nommen nei oerlis mei gemeente en provinsje. Nimmen kin no sizze watfoar coronamaatregels der yn july jilde. Boppedat is foarsitter Jan Feikema bang foar tefolle besikers omdat der fierder ek neat organisearre wurdt. "Dan krije we tafrielen lykas Woodstock, doe stapte ek elkenien yn de auto omdat dêr in feest wie."

Jubileumedysje

Boppedat tinkt hy net dat de doelgroep fan it festival, fan 18 oant 80 jier neffens Feikema, om dy tiid hinne allegearre al faksinearre binne. En de oardel meter ôfstân tusken de besikers sjocht hy ek net sitten: "We moatte inoar op de Feanhoop wol oankrûpe kinne no, oars is it gjin feest."
Ferline jier koe it festival ek al net trochgean. Doe keas de organisaasje foar in online alternatyf. Dat slagget dizze simmer net. It hie dit jier de santichste edysje fan it festival wêze sillen. "Takom jier dan mar foar nûmer santich, dan pakke we út!"