Gjin Kallemoaifeest op Skier; wol stiet der in mêst mei in koer op it eilân

It tradisjonele Kallemoaifeest op Skiermûntseach giet dit jier net troch fanwegen it coronafirus, mar der is wol in hege mêst opset, mei in koer deroan. Sa is te sjen op in foto op Instagram. By de mêst is in boerd pleatst mei as boadskip dat it 'Pinksterfeest nooit verloren gaat'.
Argyffoto © Omrop Fryslân
It Kallemoaifeest is in tradysje op Skiermûntseach. It is in feest fan fruchtberens. Boarnen op it eilân melde dat der geheimsinnich dien wurdt oer wa't de mêst dit wykein opset hat. Op fragen dêrnei folget as antwurd in knypeach. Wol stiet der in boerd ûnder de mêst mei de tekst:
Hier staat weer onze Pinkstermast
Dat er een zou komen stond al vast
Volgend jaar laat de commissie zich vast weer horen
Het Pinksterfeest gaat nooit verloren!

Hoanne of gjin hoanne?

Neffens de tradysje heart der in hoanne yn de koer. Oer it opsluten fan dy hoanne yn de koer is geregeld opskuor. Twa jier lyn wie der noch juridyske striid om. Biste-organisaasje Dierennoodhulp woe dat it ferbean wurde soe om it bist op te sluten. De Ried fan Steat spruts lykwols út dat der gjin ferbod kaam.
Oft der no in hoanne yn de koer sit, is net bekend. Nei alle gedachten ûntbrekt dy dit jier.