Is it Fryske Keamerlid Habtamu de Hoop no in Hagenaar?

Is it Fryske Twadde Keamerlid Habtamu de Hoop Hagenaar wurden? Neffens de webside fan de Twadde Keamer wol, want dêr stiet 's-Gravenhage as wenplak. Dat liket apart om't er himsels as Frysk PvdA-keamerlid profilearret.
Habtamu de Hoop © Omrop Fryslân, René Koster
De Hoop joech helderheid yn it Nijsfoarum by Buro de Vries. "Yn Easterein wenne ik yn in hierwenning dêr't ik as Keamerlid fansels tefolle foar fertsjinje. Dy wenning ha ik dus opsein, mar ik sykje hjir wol wat oars, mar elk wit hoe dreech dat op 't heden is. Troch de wike bin ik yn Den Haag en wykeins tydlik útfanhûzje by heit en mem. Mar ik bin hjir, ek formeel, gau werom hear!"
Habtamu de Hoop fertelt wêr hy no wennet