Tal nije coronabesmettingen yn Fryslân opnij ûnder de 100

23 maaie 2021 - 15:26

Der binne yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren 96 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Dat is hast likefolle as sneon. Doe giet it om 97 nije besmettingen. Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike deis 115 besmettingen registrearre.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeente Ljouwert (19), dêrnei folgje Weststellingwerf (10), Súdwest-Fryslân (8) en Noardeast-Fryslân (8).

Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren gjin nij stjergefal meld as gefolch fan it coronafirus. Der waard wol ien persoan opnaam yn it sikehûs.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlik binne 3471 nije coronagefallen registrearre. Sneon waarden noch 3221 coronabesmettingen deis fêststeld yn Nederlân.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)