Omrop TIP: Nostalgyske muzyk en Fytsalvestêdetochtferhalen op pinkstermoandei

Pinkstermoandei is ornaris in dei fol beweging yn de provinsje mei de Fytsalvestêdetocht. Corona is foar de twadde kear spulbrekker, mar Omrop Fryslân makket der in moaie middei fan. Yn it programma 'Moai wie dy tiid' bringe we tusken 13.00 en 18.00 oere nostalgyske radio mei de skiednis fan de muzyk, de ferhalen derachter en we bringe ferhalen oer de Fytsalvestêdetocht.
© Omrop Fryslân
Simone Scheffer die al 26 kear ferslach fan de Fytsalvestêdetocht en ek no kin se net thúsbliuwe. Se stapt mei de foarsitter fan de Fytsalvestêdetocht op de fyts om in lyts part fan de rûte te fielen en moetet dêrby ferskate minsken dy't wat mei de tocht hawwe.
Sa binne der dielnimmers dy't no al foar de twadde kear harren jubileum net belibje. De 60e kear wurdt foar guon pas 2022, wylst dat al yn 2020 wêze kinnen hie. Ek rayonhaden en de pakesizzer fan de betinker fan de Fytsalvestêdetocht komme foarby.

Op de camping

Ferslachjouwer Aukje de Hoop is op in camping yn Bakkefean. Yn dizze prachtige omjouwing is it ek mei min waar goed ferbliuwen, mar hoe fermeitsje je je as it reint en de temperatuer net boppe de 15 graden komt?
Ek hoopje we Maarten van der Weijden te treffen. Hy fytst de tocht allinnich op in spesjale Fryslân Boppe-fyts. Fraach is: wat fynt hy swierder? Fytse of swimme?