Hûnderten protestearje tsjin coronaregels yn Ljouwert mei 'Mars voor Vrijheid'

23 maaie 2021 - 15:01

In groep fan hûnderten minsken rint sneintemiddei yn Ljouwert in protestmars. Dat dogge se ûnder de namme 'Mars voor Vrijheid'.

Foto: Kappers Media

Se rinne fan it parkearterrein oan de Rengerslaan rjochting it sintrum. De oanwêzigen binne it net iens mei it belied oangeande coronamaatregels. Se hâlde har net oan de regels, lykas it hâlden fan ôfstân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)