Roeister Ymkje Clevering wint goud by fjouwer-sûnder stjoerfrou

23 maaie 2021 - 12:47

De roeisters fjouwer-sûnder stjoerfrou, mei de Fryske Ymkje Clevering, ha snein goud wûn by de wrâldbeker yn it Switserske Luzern. De froulju wienen in klasse apart en lieten de konkurrinsje kânsleas. Op de finish wie it ferskil mei nûmer twa Grut-Brittannië mear as in boatlingte.

De roeisters nei de winst yn Luzern - Foto: ANP

Yn de boat sieten neist Ymkje Clevering (fan Haulerwyk) Sophie Souwer, Karolien Florijn en Veronique Meester. Earder feroveren se foar de tredde kear op rige de Europeeske titel.

(Advertinsje)
(Advertinsje)