Wiep en Durkje Koehoorn ferslingere oan pylgerrûten nei Santiago de Compostela

Yn it Pinksterwykein fan 2005 makken Wiep en Durkje Koehoorn út Feinsum harren earste kilometers op de pylgerrûte nei Santiago de Compostela yn Spanje. Op it Sint Jabikspaad waard in begjin lein fan in mienskiplike passy. De fysike ynspanning en de bysûndere moetings mei oare pylgers sprekke harren oan. Mar ek de persoanlike ferdjipping yn harren libbens en houlik docht harren goed.
Wiep en Durkje Koehoorn © Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma
Oait kochten se in boekje oer it Sint Jabikspaad, de pylgerrûte fan Sint-Jabik nei Hasselt, by Zwolle. "Yn it Pinksterwykein fan 2005 hawwe wy doe in begjin makke. Dat it ús sa goed befalle soe, hienen we nea tocht", fertelt Durkje Koehoorn. Yn 156 dagen, ferspraat oer in tiidsbestek fan jierren, lei it pear de rûte nei Santiago de Compestela ôf.
"De rûte fan it Sint Jabikspaad nei Santiago de Compostela is 3.366 kilometer", fertelt har man Wiep. Neist de klassike rûte hawwe Wiep en Durkje Koehoorn ek fia oare rûten Santiago berikt.
"Mar de reis sels is foar ús altyd it doel. It is fansels moai as je yn Santiago de Compostela oankomme, mar it is ek op in sekere wize in teloarstelling, want je binne je doel kwyt. Foar de measte minsken is it ûnderweis wêzen dan ek it moaiste. De moaie petearen mei oare pylgers, de inerlike reis nei jesels en de syktocht nei ússels as pear."
Ferslachjouwer Froukje Sijtsma oan de kuier mei Wiep en Durkje Koehoorn
Wiep en Durkje Koehoorn © Omrop Fryslân
It echtpear út Feinsum is hiel tankber foar alle gastfrijheid dy't se ûnderweis altyd ûntfange. Om wat werom jaan te kinnen, hawwe se dêrom yn 2017 har eigen refugio (pylgersoard) bouwe litte oan it Sint Jabikspaad by Feinsum.
"Dat wie in grutte dream dy't útkaam. Us dûmny hat ús refugio sels ynseinige, mei de winsk dat de pylgers dy't by ús oernachtsje in goed ferbliuw en in feilige reis nei Santiago de Compostela hawwe meie. Dat wie foar ús hiel bysûnder", fertelt Wiep.
"It pylgerjen is alle dagen yn ús libben. As we sels net ûnderweis binne, ûntfange we wol oare pylgers by ús thús. It pylgerjen bliuwt altyd yn ús hert", beslút Durkje.
Wiep en Durkje Koehoorn by harren refugio © Omrop Fryslân