Peter Vermaat: "Salang't it ferhaal fan Titus Brandsma ferteld wurdt, libbet hy"

23 maaie 2021 - 11:00

It gûnzet al in pear moanne: 'Titus Brandsma sil ynkoarten hillich ferklearre wurde'. Oft dat ek werklik barre sil, is altyd de fraach. De wite reek is noch net bespeurd yn Rome. Mar it kin samar sa wêze. Foar poppespiler Peter Vermaat út Slappeterp reden om syn stik oer Titus Brandsma 'Titus, heilige of held?' kommende simmer wer te spyljen.

Peter Vermaat spilet Titus Brandsma

Titus Brandsma waard yn 1881 berne yn Boalsert. Hy stoar yn 1942 yn Dachau. Yn 1985 waard Titus Brandsma sillich ferklearre. Yn 2000 gie ek it geroft dat Brandsma hillich ferklearre wurde soe, mar dat barde net.

Foar ferteller, dichter en poppespiler Peter Vermaat wie it doe wol de oanlieding om in poppespul te meitsjen oer de pater dy't yn ferset kaam tsjin de nazi's en it fassisme.

It libben fan Titus Brandsma sprekt ta de ferbylding, seit Vermaat. De devoat katolyk makke him sterk foar de katolike parse en kaam letter yn ferset tsjin de nazi's. Hy bekocht it mei de dea. Yn konsintraasjekamp Dachau waard Titus Brandsma fermoarde. Vermaat besiket de persoan Titus Brandsma yn al syn hoedanichheden ta libben te bringen.

Brandsma wie oan de iene kant trou oan it gesach oan de tsjerke, mar kaam wol yn ferset tsjin dat wat neffens him net doogde. "Hij stond op voor de vrijheid van de pers. Dat is nu ook weer actueel. Door een heiligverklaring zou hij een symbool worden hiervan."

Foto: ANP Foto

Fysyk kwetsber, mar geastlik hiel sterk

Titus Brandsma wie bros en kwetsber, mar neffens Vermaat hold hy ek yn de dreechste omstannichheden de rêch rjocht en bleau hy steande ûnder diktatuer en ûnderdrukking.

Der wie in momint dat hy it net mear drage koe, mar hy fielde dochs wer de stipe fan God en rjochte him wer op neidat hy in hosty krige. Dat fielde as in grutte stipe. It is neffens Vermaat typearjend foar Brandsma. Syn leauwen yn God en ek de frijheid fan parse wie grutter as it lijen.

Foto: Omrop Fryslân

Symboal foar frijheid fan de parse yn ús tiid

Titus stiet symboal foar ek ús tiid seit de poppespiler. Op dit stuit stiet yn in soad lannen de frijheid fan parse bot ûnder druk. Poetin, Erdogan en it leger fan Myanmar bygelyks damje de parsefrijheid yn. In hillichferklearring fan Titus Brandsma, dy't stie foar parsefrijheid, soe in grut statement wêze. "Dat mensen omwille van de vrijheid van het woord niet opgesloten en gemarteld mogen worden."

It is wichtich om it ferhaal fan Titus Brandsma te fertellen, fynt Vermaat: "Zolang zijn verhaal verteld wordt leeft hij nog, ook 80 jaar na zijn dood."

Peter Vermaat fertelt oer Titus Brandsma yn Buro de Vries

Wat is it ferskil tusken sillich en hillich?

In persoan kin sillich ferklearre wurde as dy lang nei syn of har dea de oandacht noch lûken bliuwt. Yn it bisdom dêr't hy of sy stoarn is, kin ûndersyk dien wurde as in persoan of ynstânsje dêrom freget. Der wurdt dan socht nei boarnen en tsjûgen dy't bewize dat de persoan in wûnder ferrjochte hat. De kommisje moat bepale oft dizze kandidaat-sillige útblonken hat yn de godlike en seedlike deugden. Dan moatte saakkundigen útfine oft it wûnder of de genêzing echt west hat. De paus beslút oer beide sillich- en hillichferklearringen.

In sillige wurdt fereare yn in pear bisdommen, tsjerkeprovinsjes of religieuze oarders. In hillige wurdt troch de hiel katolike wrâldtsjerke fereare, dat makket it grutte ferskil tusken sillich en hillich.

Bysûnder jier

De hillichferklearring soe wol yn in bysûnder jier plakhawwe. It is dit jier it 140e bertejier fan Titus Brandsma.

Kommende simmer spilet Peter Vermaat syn stik alle freeds en sneons yn july en augustus. Dat docht hy yn it TerpenTheater yn it doarpshûs fan Skingen-Slappeterp.

FryslânDOK makket in programma oer Titus Brandsma. Dat is 29 maaie te sjen by de NPO en 30 maaie by Omrop Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)