FIDEO: Tsjerketsjinst yn Bonifatiuskapel yn Dokkum

23 maaie 2021 - 09:55

Yn Fryslân ferfalle in soad tsjerketsjinsten yn ferbân mei it coronafirus. Om Friezen dochs in tsjerketsjinst meimeitsje litte te kinnen, stjoert Omrop Fryslân alle sneinen live in tsjinst út. Dizze snein komt de tsjinst fan 10.00 oere ôf út de Bonifatiuskapel yn Dokkum wei.

De foargongers binne ds. Herman F. de Vries (PG Dokkum) en pastor Paul Verheijen (RK Dokkum).

Der is muzikale meiwurking fan it koperkwintet fan de Christelijke Muziekvereniging Oranje. It sjongen wurdt dien troch Peter Holwerda en Marit Verweij. Op de piano spilet Machiel Keekstra.

Besjoch de liturgy fan de tsjinst fan 23 maaie 2021.

(Advertinsje)
(Advertinsje)