Alvestêdetochtsteppers noch altyd ûnderweis; al 370 kilometer 'in de beentjes'

23 maaie 2021 - 09:50

Al mear as tritich oeren binne se ûnderweis, de sân freonen út Boalsert. Se steppe dit wykein mar leafst twa kear de Alvestêdetocht achterinoar, dat is mei-elkoar 460 kilometer. Dêrfan hienen se sneintemoarn al 370 kilometer 'in de beentjes'.

Foto: Omrop Fryslân

Om sneintemoarn 9.00 oere kaam de groep krekt Boalsert binnen. "Se binne alle sân noch 'fris en fruitig' om it sa te sizzen", seit begelieder Edwin Velzen. "It giet noch altyd sa bêst as wat. De groep is fannacht krekt wat earder út Boalsert fuortgien. Se hoopje dan dizze middei op 'e tiid oan te kommen, sadat se noch it terras op kinne."

Op ien lekke bân op sneon nei ha se gjin maleur hân. "En ek binne der noch gjin blessueres."

De groep bestiet út Johan Bloemhof, syn broers Harm en Freddy, Esther de frou fan Freddy, Jurjen Burghgraef, Sjoerd Vellinga en Joris Bos. Se steppe foar KWF Kankerbestrijding en de Hartstichting en wolle 50.000 euro ophelje. Der binne al oer de 700 stipers.

Edwin Velzen

Folgje de tocht op step460.nl en lês dêr ek mear oer de steppers.

(Advertinsje)
(Advertinsje)