Middelbere skoallen wer iepen: "Alle partijen zijn er blij mee, mits het veilig kan"

23 maaie 2021 - 09:37

De middelbere skoallen meie op moandei 31 maaie wer hielendal iepen. Dat hat it kabinet sneon besletten nei in oerlis omdat de coronasifers de ôfrûne wiken flink ferbettere binne.

Klasgenoaten op it Bornego College - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

"We zijn er erg bij mee, de leerlingen, de leraren en de ouders. Alle partijen zijn er blij mee, mits het veilig kan", seit bestjoerder Hans Wildeboer fan it Bornego College op It Hearrenfean. "Bijna alle leerlingen en leraren geven aan dat ze het liefst zo snel mogelijk weer naar school willen."

Yn it fuortset ûnderwiis kin de oardelmetermaatregel loslitten wurde. Wol moatte de learlingen en dosinten twa kear yn de wike in selstest thús dwaan. De skoalle hat al in soad tests oanlevere krigen.

Twa kear yn de wike teste thús

"De leerlingen krijgen per week twee testen mee. We willen ze ook meegeven dat ze de testen doen. We moeten het echt met elkaar doen. Als we besmettingen kunnen voorkomen, dan kan het onderwijs doorgaan." It dwaan fan de selstest is net ferplichte. "Het Rijk geeft een een indringend advies."

Wildeboer seit ek dat skoallen no mear romte ha as earder. "De examenklassen zijn niet meer op school en we kunnen beter ventileren want het is buiten wat warmer."

Unrêst by guon dosinten

Hy heart ek dat guon dosinten der net sa wiis mei binne dat de skoallen wer iepen gean. "De maatregel zorgt bij sommigen voor onrust. Ze vinden het spannend omdat ze nog niet zijn gevaccineerd. En met 25 leerlingen in de klas is de kans aanwezig dat ze besmet raken. Die onrust begrijp ik als werkgever en daarom moeten we collectief de preventieve testen doen om zo het onderwijs door te kunnen laten gaan."

Op 7 juny moatte de skoallen iepen wêze. Skoallen ha dus noch in wike nei 31 maaie om saken as roasters op oarder te krijen.

Hans Wildeboer

(Advertinsje)
(Advertinsje)