Man besiket meiwurker hanthavening oan te riden yn Frjentsjer

In lilke man hat sneontemiddei yn de Dijkstraat yn Frjentsjer besocht in meiwurker fan de hanthavening oan te riden. It ynsidint barde yn de buert fan de brêge nei it Ald Keatsfjild.
© ANP Foto
It motyf fan de man is ûnbekend. De plysje seit de saak heech op te nimmen en siket tsjûgen fan it ynsidint. Neffens in wurdfierder fan de plysje wie de man lilk op de hanthavener. Yn in berjocht sprekt de plysje fan it besykjen ta deaslach.