EK-sulver foar 'reserve' Marrit Steenbergen op mingde estafette

22 maaie 2021 - 20:04

Marrit Steenbergen hat as reserve mei de Nederlânske mingde estafetteploech by de 4x100 frije slach sulver wûn. Slotswimster Femke Heemskerk, earder op de jûn al de bêste op de 100 meter frije slach, tikke yn 3.22,26 efter Grut-Brittannië as twadde oan. Steenbergen kaam sels yn de finale net yn aksje.

Foto: Orange Pictures

Nei Stan Pijnenburg en Jesse Puts makke Ranomi Kromowidjojo in soad terrein goed. Se soarge derfoar dat Heemskerk as tredde fan it startblok koe. Yn it twadde part fan har 100 meter tichte Heemskerk it gat mei Italië en de Britten, mar de Britske slotswimster tikke yn 3.22,07 krekt wat earder oan.

Foarronde

Steenbergen kaam yn de finale net yn aksje, mar swom sneintemoarn wol yn de foarronde. Mei Stan Pijnenburg, Luc Kroon en Kim Bosch pleatsten se harren yn de tredde tiid (3.27,34) foar de finale.

De swimster fan Easterwâlde wûn earder ek al sulver op de 4x100 meter estafette mei de froulju.

Trefwurden: 
swimmen Marrit Steenbergen
(Advertinsje)
(Advertinsje)