Wûns hat hûzen foar eigen mienskip nei goed tsien jier lang om let klear

22 maaie 2021 - 17:38

Nei mear as tsien jier fan tarieding, plannen meitsje en sykje om jildsjitters binne se no hast klear: twa sosjale hierhuzen yn Wûns. De hûzen binne bysûnder om't de mienskip fan it doarp se sels bouwe litten hat.

Wûns bout sels huzen foar eigen mienskip

Wenningkoöperaasje Elkien yn 2011 besleat de plannen foar sosjale hierwenten yn it doarp definityf te skrassen. "Toen hebben wij als dorp gezegd: dan gaan we kijken of we het zelf kunnen", seit Kees Boer, foarsitter fan koöperaasje Mienskip Wûns.

Dat wie noch in hiele put. "We hebben heel veel overlegd met het dorp zelf en het allerbelangrijkste is om de financiering rond te krijgen. Dat was een groot probleem. Dat vind ik ook het grootste huzarenstuk dat we hebben uitgehaald: het is ons gelukt om voor het allergrootste deel de woningen zelf te financieren", seit Boer.

De wenningen kostje goed 300.000 euro. Dêrfan is 200.000 euro troch partikulieren út it doarp, it doarpsbelang en de tsjerke ophelle.

Ekologysk

De twa-ûnder-ien-kapwenningen binne op in ekologyske wize boud troch in oannimmer út it doarp. "It is dreech om wenningen te bouwen foar de sosjale hiersektor, dy't ekologysk en enerzjysunich binne en dy't minsken deselde kânsen jouwe as wannear't ien foar himsels in frijsteande of gesinswenning bout", seit oannimmer Siebe Baints fan ECOHûs Fryslân.

"We wolle graach wat delsette dat ek yn de takomst foar de folgjende generaasje, ús bern, noch wearde hat", seit Baints.

Mear hûzen?

Elkien hat Mienskip Wûns de kavel dêr't no noch fjouwer fan harren hierhûzen op stean ek oanbean. De mienskip is lykwols net ynteressearre, want it projekt smakket net nei mear. "Nee, qua meer woningen neerzetten wel, maar het proces om woningen neer te zetten is zo ingewikkeld", seit Boer.

"Twee woningen uit zo'n heel klein dorp halen dat is al heel wat. Dan moeten we dus echt externe financiers hebben en dat krijgen we gewoon niet voor elkaar."

Entûsjasme

It doarp is fansels wol grutsk op de twa wenningen dy't der no lang om let wol kaam binne. "Iedereen heeft zijn schouders eronder gezet. Dat vind ik echt geweldig en dat is ook de kracht van dit dorp. We hebben in het verleden ook samen het sportveld gerealiseerd. Zo zijn er wel meer zaken die als je daar als dorp je schouders onder zet voor elkaar kan krijgen", seit Boer. "Maar je moet wel geduld hebben en een beetje een lange adem."

Ferslachjouwer Lars de Leeuw yn petear mei Kees Boer

(Advertinsje)
(Advertinsje)