Middelbere skoallen meie fan 31 maaie ôf wer hielendal iepen

De middelbere skoallen meie op 31 maaie wer hielendal iepen. Dat hat it kabinet sneon besletten nei in oerlis mei saakkundigen op it Catshûs.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
It Outbreak Management Team (OMT) hat posityf advisearre oer de iepening. De coronasifers binne de ôfrûne wiken flink ferbettere en yn it fuortset ûnderwiis kin de oardel metermaatregel loslitten wurde.
Wol is it driuwende advys foar de learlingen en dosinten om twa kear yn de wike in thús in selstest te dwaan. Ek moatte learlingen ôfstân hâlde ta harren dosinten.

Minister Slob

"Scholen hebben fantastisch werk geleverd met al het onderwijs op afstand. En dat wékenlang, ook nog naast fysieke lessen. Maar er gaat niets boven les op school. Daar leren leerlingen het beste", seit minister Arie Slob fan basis- en fuortset ûnderwiis.
"Dat scholieren dit schooljaar nog minimaal 6 weken volledig fysiek onderwijs krijgen, maakt een groot verschil. Niet alleen voor de schoolprestaties, maar ook voor hun welzijn", seit de minister.
De measte middelbere skoallen yn it fuortset ûnderwiis krije op dit stuit mar in pear dagen yn de wike les. Se kinne sûnt maart wer foar minstens ien dei yn de wike nei skoalle. Op 7 juny moatte alle skoallen wer iepen wêze.