'Shake It' shaket noch net: merke-eksploitanten wachtsje op ja út Den Haag

22 maaie 2021 - 16:31

Merke-eksploitanten wachtsje noch altyd op it momint dat se wer los kinne. Yn Burgum hellet Dannick Oppedijk van Veen syn attraksje Shake It út de loads, mar it gefaarte bliuwt noch gewoan op it terrein stean. Kommende wike wurdt de jierlikse keuring útfierd. Gewoanwei hie Dannick lykwols al yn maart mei de Shake It troch Nederlân toerd.

Merke-eksploitant Dannick moat noch even geduld ha

"Je zou er bijna verdrietig van worden. Je hebt de loods vol staan met attracties en je zit al twaalf maanden zonder inkomsten", fertelt Dannick. Mei him binne der noch 950 merke-eksploitanten yn Nederlân. Dy sitte allegearre te wachtsjen oant it demisjonêr kabinet bekend makket dat se wer los kinne. Sa't it no stiet, meie merken fan 30 juny ôf wer opboud wurde.

Op oantrúnjen fan de sektororganisaasje wurdt dat miskien nei foaren helle, nei 9 juny. "Mar starte hâldt by ús yn dat we begjinne kinne mei oanfreegjen fan fergunningen. Foardat we earne opbouwe kinne, binne we noch seis oant acht wiken fierder. Dan is it heal augustus en heal oktober sit ús seizoen der alwer op", leit Atze Lubach fan feriening BOVAK út.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Om de tiid troch te kommen en noch in bytsje te fertsjinjen, rydt Dannick no troch Fryslân mei in iiskowein. Syn broer, dêr't hy op de merke mei gearwurket, rydt tydlik op in frachtwein. "We zijn al blij als we de kosten kunnen dekken."

Mar úteinlik is it wachtsjen oant de Shake It ek wer echt shake mei.

(Advertinsje)
(Advertinsje)