Tomke wurdt 25 jier; al twa generaasjes groeie mei it mantsje op

22 maaie 2021 - 15:38

Tomke, de pjut dy't noait âlder wurdt, is dochs 25 jier wurden. It ikoanyske tekenfiguerke hat yntusken al twa generaasjes de Fryske taal op boartlike wize bybrocht.

Tomke wurdt 25 jier

Juny wurdt in Tomke-feestmoanne. Der is in spesjale fideoklip en der komme tal fan feestlike aktiviteiten om it mantsje hinne. De pjutten dy't eartiids de Fryske taal op boartlike wize bybrocht is, jouwe it troch oan de bern fan no.

Der is in stream oan ferhalen op telefyzje útstjoerd. Tomke is ek lesmateriaal wurden en der binne spultsjes en ferskes fan. De makkers ha noch hieltyd in soad wille yn it betinken en it ynsprekken fan de ferhaaltsjes.

Ik fyn Tomke it alderleukst om't er wat rekalsitrant is.

Aktrise Tamara Schoppert

"Ik fyn Tomke it alderleukst om't er wat rekalsitrant is", seit aktrise Tamara Schoppert, dy't de stim fan Tomke docht. "Wat dat oangiet is Annie M.G. Schmidt fansels in heldinne. En fan my mei Tomke noch wol wat rekalsitranter. Dan haw ik de measte wille."

Aktrise Tamara Schoppert - Foto: Omrop Fryslân

It hiele jier troch komme der nije programma's: dûnsje mei Tomke, Tomke yn it ferkear en weromsjen mei bern fan 25 jier lyn.

Tiisdei wurdt yn Jobbegea it startskot jûn fan it jubileum fan Tomke.

Foto: Omrop Fryslân
Trefwurden: 
Frysk Tomke jubileum pjut 25
(Advertinsje)
(Advertinsje)