Tal nije coronabesmettingen yn Fryslân ûnder de 100

Der binne yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren 97 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 25 minder as freed. Doe giet it om 122 nije besmettingen. Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike deis 119 besmettingen registrearre.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeente Súdwest-Fryslân (22), dêrnei komme Ljouwert (18) en Noardeast-Fryslân (8). Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren gjin nij stjergefal meld as gefolch fan it coronafirus. Der binne 2 persoanen mei in coronabesmetting opnaam yn it sikehûs.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Lanlik binne 3221 nije coronagefallen registrearre. Freed waarden noch 4219 coronabesmettingen deis fêststeld yn Nederlân.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.