HEA! Ofskied fan in Frysksinnich sporthalbehearder

22 maaie 2021 - 14:28

Nei 44 jier sit it der op: Titus Bergsma leit syn wurk as behearder fan sporthal De Greidhoeke yn Easterein del. En hy hâldt ek op mei it sportkafee dat hy mei syn frou runde. Yn it kafee ha sporters troch de jierren hinne hiel wat feestjes fierd. Mei de romrofte dûnspeal as sintraal middelpunt. Bergsma wie ek tige Frysksinnich: alle buordsjes yn de sporthal binne yn it Frysk en sa stie hy alle gasten ek te wurd.

HEA! Sporthalbehearder Titus Bergsma

(Advertinsje)
(Advertinsje)