OPROP: Omrop Fryslân siket minsken mei oanhâldende coronaklachten

22 maaie 2021 - 19:15

Guon Friezen rinne moannen nei harren besmetting mei it coronafirus noch hieltyd om mei klachten dy't mar net oergean. By de ien giet it om net mear rûke of priuwe kinne, de oar hat pine op it boarst en wer in oar kin net fan de wurgens ôfkomme.

Omrop siket minsken mei oanhâldende coronaklachten

Wy komme graach yn kontakt mei Friezen dy't hjir lêst fan ha en wolle fia in online formulier in pear fragen stelle. Dyn gegevens binne privee en sille allinnich brûkt wurde om ynsjoch te krijen yn it oantal minsken dat klachten hat en watfoar klachten oft dat binne.

Ha jo yn de ôfrûne 15 moannen it coronafirus oprûn? Ha jo nei in oantal moannen klachten dy't passe by de neisleep fan it coronafirus? Krije jo sels fysioterapy hjirfoar en wolle jo ynformaasje hjiroer mei ús diele? Gean dan nei www.omropfryslan.nl/coronaneisleep en folje it formulier yn.

Trefwurden: 
klachten coronafirus COVID-19
(Advertinsje)
(Advertinsje)