Ljouwerter festival Welcome to The Village binnen oere útferkocht

22 maaie 2021 - 12:37

De kaartferkeap fan Welcome to The Village begûn sneontemoarn om 10.00 oere en binnen in oere wienen alle kaarten fan it Ljouwerter festival al fuort. It festival is trije dagen (op 16, 17 en 18 july) yn de Griene Stjer. It is earste grutte festival dat it oandoart dizze simmer.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

"Ongelooflijk, dat het zo snel ging", seit Eva van Netten, artistyk lieder. "Het was wel spannend. Al voor 10 uur stonden mensen digitaal in de wachtrij. In het eerste kwartier gingen er meer dan honderd kaarten per minuut doorheen."

Se is der wiis mei. "Mensen willen heel graag en het voelt voor ons als steun." Se ha in plan betocht dat alle 1.500 besikers yn trije groepen it programma sjogge. "Dat was een ingewikkelde puzzel en zal ook ingewikkeld worden in de uitvoering."

Sa't it no liket sil it publyk in bewiis fan faksinaasje of in negative test sjen litte moatte. "We volgen de regels van de overheid, maar mogelijk veranderen die nog. En dan volgen we die weer."

Trije groepen fan 500 besikers

Der kinne alle dagen 1.500 minsken by wêze om it binnen de besteande coronamaatregels te hâlden. Welcome to The Village wurdt dit jier in karrûsel: it festivalterrein wurdt ferparte yn trije stikken. De 1.500 besikers wurde yn trije groepen set en ferdield oer dy trije terreinen. Troch de dei skowe se troch nei in oar terrein.

(Advertinsje)
(Advertinsje)