'Fytsmekka' Boalsert is dit wykein stil en ferlitten

22 maaie 2021 - 12:29

Min waar en corona soargje foar stilte yn Boalsert. Gewoanwei yn dit Pinksterwykein mei de Fytsalvestêdetocht is it oeral smoardrok yn de stêd. No binne campings lege fjilden. It is foar it twadde jier op rige dat it evenemint net trochgiet.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Op boerecamping Half-Hichtum by Boalsert is it dit jier hiel oars as oare jierren. "Normaal staan we bomvol, met tenten en auto's op onze weilanden en dan staan de paarden even op stal", seit Ella Bos fan de camping. "We hebben 250 standplaatsen, maar nu staan er 12 mensen op de camping. En er zijn ook mensen eerder naar huis gegaan en we hebben annuleringen gehad."

Der binne toch in pear diehards kaam. "Die fietsen stukken van de route en komen ook omdat ze het gezellig vinden. Ik heb nu voor het eerst tijd om met de gasten koffie te drinken. Jammer dat het weer niet meewerkt." By dy diehards binne gasten út Brabân. "We zijn bewust gekomen. We vinden het gezellig. Normaal zou ik voor de tiende keer de Elfstedentocht fietsen."

Guon binne wol op de fyts stapt, want fan de camping ôf seagen se in iensume fytser foarby kommen.

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust wie op de camping

(Advertinsje)
(Advertinsje)