Omrop TIP: Beklimmers oer mear demokrasy

22 maaie 2021 - 11:11

Is Fryslân de ideale proeftún om te eksperimintearjen mei demokratyske fernijing? Dy fraach besiket FryslânDOK te beäntwurdzjen yn diel 7 fan Beklimmers fan it flakke lân, te sjen op 22 maaie by NPO2 en op 23 maaie by Omrop Fryslân.

Histoarje

Friezen hawwe in lange histoarje mei demokrasy. Yn de Midsiuwen wienen de Fryske lannen de iennichste regio yn West-Europa dy't net ûnder in sintraal feodaal gesach lei. Sterker, de Friezen hienen net iens in eigen sterk sintraal bestjoer. Mei lokaal oerlis en útwikseling fan ideeën kamen de ynwenners ta har besluten.

Caspar van den Berg - Foto: Omrop Fryslân

Meiprate

No't de lanlike polityk yn in fertrouwenskrisis sit en omdat de ûnfrede op it plattelân rjochting Den Haag tanimt, soe Fryslân wolris in ideaal plak wêze kinne om te eksperimintearjen mei nije foarmen fan demokrasy. Heechlearaar 'Global & local governance' Caspar van den Berg wol Fryslân en Seelân oanwize as laboratoaria foar in demokratysk eksperimint. Van den Berg fynt dat de tanimmende macht fan 'tuskenlagen' lykas de Veiligheidsregio in bedriging foarmje foar de demokrasy. Neffens him moatte ditsoarte útfieringsorganen ûnderbrocht wurde by it provinsjebestjoer.

Riejanne Bouma, organisator Burgertop - Foto: Omrop Fryslân

Boargertop

Riejanne Bouma fan Warns wol in stap fierder. Sy tinkt dat boargers direkt meiprate moatte oer grutte maatskiplike besluten. Bouma wie ien fan de inisjatyfnimmers fan de Friese Burgertop yn 2020. Johannes Lankester fan Loaiïngea helpt inisjatyfnimmers mei nije ideeën har paad te finen yn it labyrint fan regels en wetten dy't oerheden klearlizzen ha om de fernijers te ûntmoedigjen. Lankester set 'm yn om oerheid en inisjatyfnimmers mei elkoar te ferbinen, soms by de klippen op.

Burgertop 2019 - Foto: Marije Dijkstra

Beklimmers fan it flakke lân

'The wisdom of the crowd' giet oer de takomst fan demokrasy. It is diel 7 fan 'Beklimmers fan it Flakke Lân', in searje FryslânDOKs oer fernijende ideeën foar it plattelân. Faak binne it lytse, lokale inisjativen, dreaun troch grutte idealen en fiersichten. Eardere ôfleverings giene oer natoer en lânskip, lânbou, sûnens en it doarp fan de takomst.

Fjoertoer yn 'e fierte - Foto: Omrop Fryslân

FryslânDOK: Beklimmers fan it flakke lân 7
Sneon 22 maaie, 15.30 oere, NPO2 (werhelling 23 maaie 13.10 oere)
Snein 23 maaie, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele

(Advertinsje)
(Advertinsje)