Frou ferwûne by oanriding

© Omrop Fryslân
In 72-jierrige frou út Wolvegea is freedtemiddei ferwûne rekke by in botsing yn Wolvegea. De oanriding gebeurde op de krusing fan de Stêdhâldersleane en de Lelyleane.
In brommobyl dy't bestjoerd waard troch in 21-jierrige frou ús Ossesyl ferliende gjin foarrang oan de frou út Wolvegea. It slachtoffer rekke ferwûne oan har heup. Se is mei de ambulânse nei it sikehûs fan It Hearrenfean brocht.