Waadhoeke krijt mei Gerard de Jong in meartaligenskoördinator: "Ik bin d'r och soa wiis met"

22 maaie 2021 - 09:06

Gerard de Jong út Ljouwert sil yn de gemeente Waadhoeke oan 'e slach as meartalichheidskoördinator. Yn de gemeente Waadhoeke wurde fjouwer talen sprutsen: Biltsk, Frjentsjertersk, Nederlânsk en Frysk. De Jong moat al dy talen ferbine en soargje foar bettere sichtberheid.

Gerard de Jong - Foto: Gemeente Waadhoeke

"Ik bin d'r och soa wiis met dat Waadhoeke 't fertrouwen in mij stelt as eerste meertalighydskoördinator, omdat ik dink dat deuze funksy mij op 't liif skreven is. Waadhoeke is met hur rykdom an taal 'n unike gemeente; 'n rykdom die't wij koestere en feerder útbouwe wille", seit De Jong.

"'t Is myn taak om - tegaar met de enthoesjaste taalpartners fan 't Bildts, Franekers, Frys en 't maatskaplik feld meertalig Waadhoeke naar 'n hoger plan te tillen. 'n Robúst taalnetwerk, meer andacht foor de klaine talen op skoal en 't fergroaten fan de sichtberhyd en diversiteit an talen: dat is 't doel. Soadat elke beweuner fan Waadhoeke hur frij foelt om de aigen taal welke dat ok maar is te brúkken."

Meartalichheid behâlde en fersterkje

Waadhoeke is grutsk op syn meartalichheid, en wol dy behâlde en fersterkje. Waadhoeke stribbet nei mear gebrûk fan it Frysk, Biltsk en Frjentsjertersk yn in gemeente en mienskip dêr't it fanselssprekkend is om dy talen neist- en trochinoar te brûken.

De funksje fan meartalichheidskoördinator begjint op 1 juny en is foar in perioade fan fjouwer jier.

Gerard de Jong

Gerard de Jong is noch eefkes haadredakteur fan De Bildtse Post. Nei 86 jier hâldt dy krante op te bestean om't der gjin opfolger te finen wie.

(Advertinsje)
(Advertinsje)