De Rouwe fynt dat CDA ek oan opposysje tinke moat: "Ek gjin rol foar my by nij kabinet"

22 maaie 2021 - 09:00

Deputearre Sander de Rouwe is net wis oft syn CDA meidwaan moat yn in nij kabinet. "Wy kinne likegoed yn de opposysje as yn de koälysje. De fraksje fan 15 moat de kar meitsje, dêr hawwe se Sander de Rouwe fan Boalsert net foar nedich." Sels sjocht De Rouwe net perfoarst in rol foar himsels yn in kabinet: "Op dit stuit is der gjin fraach of oanbod."

Deputearre De Rouwe is loyaal oan de partij, mar rjochtet him op Fryslân:

De Rouwe tinkt dat oare CDA'ers it mear fertsjinje om in rol lykas dy fan steatssekretaris yn te foljen. "As Wopke Hoekstra my freget dan soe it moai wêze, mar der binne genôch oaren dy't it wolle. Ik tink net dat ik nedich bin."

Dochs lûkt De Rouwe de doar net folslein ticht. "It is dreech, want ik bin hiel loyaal oan de partij. Mar ik hoech net. Myn tiid hat west, ik bin no foar Fryslân yn tsjinst."

VVD en D66 oan bar

It bliuwt ek de fraach oft de mooglike koälysjepartners inoar fine kinne. "It CDA wurdt wol frege, dat is in lúkseposysje foar de partij. Mar je moatte de holle koel hâlde. VVD en D66 binne oan bar."

De provinsje moat stranger mei de beurs wêze, fynt De Rouwe:

Koartlyn makke de provinsje kenber dat de begrutting fan de provinsje Fryslân sa goed as troch de helte giet. Om út de coronakrisis te kommen bliuwe allinne de foarstellen oerein dy't perfoarst needsaaklik binne. De begrutting giet werom fan 550 nei sa'n 310 miljoen euro.

Folle minder jild dus, mar dochs seit De Rouwe 'gjin ambysjes' te hawwen om belestingen te ferheegjen. Hy wol fol ynsette op it opheljen fan subsydzjes. "De útdaging fan Fryslân is: net alles sels betelje, mar mear jild ophelje yn Den Haag en Europa. Dat is it nije normaal foar Fryslân: oaren moatte meibetelje."

Kritysk op earder belied

Fryslân hat de ôfrûne jierren tefolle sels betelle, sa fynt De Rouwe. "Wy fergeaten wolris oaren te freegjen om mei te beteljen." De Rouwe is kritysk op it earder fierde finansjele belied. "It gefoel dat der tefolle subdydzje útjûn is dat wie der yndie wol. Mar dat is no net mear sa."

Dêrom docht De Rouwe in belofte: "Yn de takomst hellet Fryslân mear jild op yn Europa omdat wy tûker, assertiver en positiver binne."

De Fryske polityk hat in dúdlike kar makke foar it reedriden. Wy stekke it jild net yn fuotbal of oare topsporten.

Deputearre Sander de Rouwe

Dy 'nije saaklikheid' docht fertuten, sa seit De Rouwe. Nettsjinsteande dat hat de provinsje wol keazen om te ynvestearjen yn iisstadion Thialf. De Rouwe ferdigenet dy útjefte. "De Fryske polityk hat in dúdlike kar makke foar it reedriden. Wy stekke it jild net yn fuotbal of oare topsporten. Wa't reedriden seit, seit Fryslân. "

Topsport is in politike kar, seit De Rouwe. "Ik fyn it in moaie útkomst. It is foar de breedtesport goed, foar de topsport goed en foar it imago goed. Dêr hawwe wy wat foar oer."

Eartiids te opportunistysk mei Thialf

Eartiids binne der wol ferkearde besluten naam, fynt De Rouwe. "Yn it ferline is miskien te maklik tocht: der hoecht gjin jild by. Dat wie te opportunistysk, dêrtroch binne wy op it punt kaam dêr't wy telâne kaam binne." Neffens de deputearre giet it no de goeie kant op. "De earste slach hat west, want KNSB en NOC*NSF betelje mei. Wy moatte wol ta de bûse as provinsje, as oandielhâlder. Mar oare partijen dus ek."

Provinsjaal jild giet nei it reedriden, net nei it fuotbaljen bygelyks:

Mei it jild dat frijkaam troch it ferkeapjen fan enerzjybedriuw NUON yn 2009 hat de provinsje in soad jild krigen. "Dat wie boppeslach. It jild is efkes ekstra en mar foar ien kear. Mar wy moasten it wol sa ynsette sa't wy der yn de takomst wat foar weromkrije. De diken lizze der picco bello by, der is no in universiteit yn Ljouwert, de belestingen binne omleech gien. Mar op de wyn fan juster kinne je hjoed net sile, dus it moat oars."

Hoop op wynpark Iselmar

De hoop fan De Rouwe leit op dit stuit oan de súdwestkant fan de provinsje. "Mei it wynpark yn de Iselmar komme der ek ynkomsten foar Fryslân. Dat komt werom, ek al duorret it noch efkes."

Yn It Polytburo beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema eltse wike mei in gast de aktuele tema's yn de polityk. Dizze kear siet CDA-deputearre Sander de Rouwe oan tafel. Sjoch hjir de folsleine útstjoering.

Fierder tinkt hy dat RUG Campus Fryslân yn Ljouwert ek in goeie set wie. "Wy hawwe as provinsje tûke studinten nedich. In universiteit bouwe je foar 400 jier, dêr hawwe je yn de takomst echt wat oan. Der spilet ek fergrizing yn Fryslân, dus jongelju binne ek nedich foar de banen fan de takomst."

Studinten nedich

Op dit stuit leit it oantal studinten leger as dat earder hope waard. Dêr rjochtet De Rouwe him net te bot op. "Ek mei dekaan Jouke de Vries sizze wy: wy dogge dit foar de kommende 400 jier. De kwaliteit is hiel heech, de programma's binne eksellint. It duorret altyd efkes, wy hawwe de tiid."

(Advertinsje)
(Advertinsje)