Boargemaster Gebben: "Brân is grut drama, mar eigeners begripe dat der ek in saaklike kant oan sit"

22 maaie 2021 - 08:59

Lâneigeners mei skea troch de grutte brân fan tongersdei yn in houtbewurkingsbedriuw yn Noardburgum moatte de feroarsaker oanspraaklik stelle. Dat advys jout de gemeente Tytsjerksteradiel. Stikjes fan de 1.600 sinnepanielen fan it dak fan it bedriuw binne yn de fiere omkriten yn de greiden bedarre.

Foto: De Vries Media

De gemeente hat kontakt hân mei de eigeners fan it houtbedriuw dat se mei dit advys nei bûten komme. "De brân is in grut drama, mar se begripe dat der ek in saaklike kant oan sit. Dat der neist har eigen skea ek skea is foar de boeren yn de buert", seit Jeroen Gebben, boargemaster fan Tytsjerksteradiel. Al 70 minsken ha melding dien fan skea, sels op alve kilometer fan de brân binne stikjes oantroffen yn Aldwâld.

"Se moatte har melde by de fersekerder fan de feroarsaker, dy moatte se oanspraaklik stelle. It lân moat skoud wurde en fersmoarge grûn moatte se ôffiere litte. We hâlde it asbestprotokol mar oan, want soks is der noch net foar sinnepanielen."

Boargemaster Jeroen Gebben

Ferlykbere grutte brân yn Moerbeek

Jurgen van den Bos wurket by de regionale omrop NH Nieuws en wie by de grutte brân yn Moerbeek (Noard-Hollân) yn augustus ferline jier. "Twee loodsen vol met de bloembollenoogst brandden af. Die daken lagen ook vol met zonnepanelen en glas daarvan raakte verspreid over het land. De stukjes glas zijn met de hand opgeruimd. Het personeel, 80 man, is een week lang door het land gelopen met emmers in de hand om ze op te rapen. Het glas is heel scherp en kleine stukjes brokkelen snel af."

Nei oanlieding fan dy brân binne Keamerfragen steld. "Daar is volgens mij niets mee gebeurd."

(Advertinsje)
(Advertinsje)