Sân freonen steppe twa kear Alvestêdetocht: 460 kilometer op de autopet

Sân freonen út Boalsert lizze dit wykein steppend de Alvestêdetocht ôf. Se dogge it sels twa kear, foar twa goede doelen. Dat binne de Hartstichting en KWF. Se lizze dus 460 kilometer op de autopet ôf. Om middernacht binne sy fan start gien yn Boalsert. Hoe ha se de earste wiete oeren mei hurde wyn belibbe?
Sân steppers by Wyns
"In heldeteam", neamt Edwin Velzen se, hy is de begelieder fan de steppers. "It giet boppe ferwachting. Se binne optimistysk, en ek al is it min waar, se laitsje noch." Om healwei njoggenen hinne wie de groep op wei nei Dronryp.
De groep bestiet út Johan Bloemhof, syn broers Harm en Freddy, Esther de frou fan Freddy, Jurjen Burghgraef, Sjoerd Vellinga en Joris Bos.

"Se krije it net kado"

"It is wol ploeterjen, mar se ha no de jas los, want it is krekt eefkes drûch. Fannacht gong it bêst, der wie hurde wyn en in soad rein. Se krije it net kado. Mar minsken dy't siik binne, hawwe it swierder, dêrmei ferlike falt dit ta." Sa no en dan rêste se tsien minuten. "We tinke healwei de moarn yn Boalsert oan te kommen. Dan ha se in oere rêst foardat de steppers de súdwesthoeke yngean. Om 19.00 oere sille se dan wer yn Boalsert oankomme." Foardat se oan de twadde tocht begjinne ha se 4 oeren rêst.
Mei de tocht wolle de freonen 50.000 euro ophelje. "We binne al in ein op wei. Minsken dy't ús stypje wolle, kinne op step460.nl jild oermeitsje. Op dy webside is de tocht ek te folgjen."
© Omrop Fryslân
Edwin Velzen

Al 150 kilometer

Nei twa oere sneontemiddei hienen se de toer fan Spannenburch yn it sicht. "Se ha al 150 kilometer dien." Op it minne waar nei giet it oant no ta prima. "We ha ien lek bantsje hân. Dan dogge we even in 'Max Verstappentje'." De seis mannen en in frou binne goed traind. "Mar twa kear achterelkoar sa'n meunstertocht is wol in unike prestaasje."
De aksje rint goed. Der binne al 600 stipers.