Kollum: "Op besite by heit"

22 maaie 2021 - 08:23

"Ik haw dizze wike efkes by heit op besite west. Der sit oars net folle praat mear oan, want hy is al seis jier lyn stoarn. Hy leit begroeven op 500 meter fan it Abe Lenstra Stadion, dêr't er jierren neist my sitten hat yn fak 22, rige 12 op stoel nûmer 12. De lêste jierren moasten wy him de tribune hast optille, want hy hie troch syn COPD de puf hast net mear. Dochs koe er oant it lêst ta genietsje fan syn besite oan it stadion. Hy wie noch fan de generaasje dy't Abe live fuotbaljen seach.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Ferdinand de Jong

Ik kom net sa faak by him op besite, moat ik earlik bekenne, mar sa no en dan haw ik it ferlet om efkes tsjin him oan te praten. Heit wie de lêste boer fan de buorkerij Pauwenburg yn Oranjewâld. Dat stiet ek op syn stien. It lân dat by de pleats hearde is foar it grutste part weromjûn oan de natuer. Heit wie dêrmei syn tiid fier foarút.

Hy waard berne yn 1937 oan de igge fan it Haskerwide, dat jim no kenne as it Nannewiid. De oarloch meimakke, de opbou fan Nederlân yn de jierren dêrnei, de earste man op de moanne rinnen sjoen en trije ferlerne WK-finalen. Mar ek de revolúsje yn it buorkjen. Heit hekkele de sleatten noch âlderwetsk, mei de snijseine, de hekkel en de wierklauwer. Ik ha sels foar him de earste sleepfoet efter de jarretank makke, want it mocht net tefolle kostje. 40 Fryske reabûnte kij, in leech kwotum.

Somtiden soe ik wolle dat er der noch wie, mar dat is net sa. Boppedat hie ik dizze wike in soad dingen te bepraten dêr't er grif syn wize holle by skodde hie. Heit koe op âldere leeftiid saken útskeakelje. Reklame op de radio bygelyks. Dat hearde er gewoan net mear, omdat it him net boeide. Hy wie tefreden mei syn tiid dy't er tegearre mei mem noch hie. In moaie eigenskip, dy't in soad ergernis en frustraasje foarkommen hat.

Ik stie dêr dizze wike mei in hân op de stien en sei dat we dit jier nei fuotbal foar lege tribunen sjoen haw. En dat dêr neat oan is. Dat der tûzenen lege fleantugen troch de loft fleagen om de lisinsjes fan de maatskippijen te boargjen. Dat der in grypfirus hearske dat hy mei syn COPD better net skypje moatten hie, oars wie er dêr grif oan stoarn, wylst er no moai yn de sliep fuortgien is.

Ik sei dat we in skoft jûns nei njoggen oere net nei bûten mochten, ik fertelde oer it mûlkapke, oer de healwize plannen fan in Lelyline en 100.000 huzen, haat tsjin boeren, haat tsjin Joaden, krekt as doe't er jong wie. Doe't ik him dat allegearre ferteld hie, skamme ik my der eins om. Lit de man mei rêst, tocht ik. Aldergeloks hie er dy prima eigenskip dat er Eastyndysk dôf wêze koe. Hy hat grif skodholle om ús hjoeddeiske drokten hjir op ierde. Ik mei hoopje dat ik ynkoarten wat dat útskeakeljen fan rimram oanbelanget wat mear op him begjin te lykjen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)