Froulju SC Hearrenfean winne fan PEC Zwolle yn in wedstriid sûnder pit

21 maaie 2021 - 22:32

De wedstriid fan de froulju fan SC Hearrenfean tsjin PEC Zwolle einige freed yn in 1-0 oerwinning. Utsein de flinke wynstjitten dy't oer it fjild raasden wie it net in spektakulêre wedstriid.

Foto: Martin de Jong

Nei in healoere spyljen stie de stân noch hieltyd op 0-0 yn Nijhoarne. It slagge beide ploegen net om echte kânsen te kreëarjen. Nikée van Dijk fan Hearrenfean makke in aksje, mar har skot koe tsjinholden wurde troch de ferdigening fan Zwolle.

Nei it skoft wiksele Hearrenfean twa spilers: Williënne ter Beek en Elze Huls ferlieten it fjild om romte te meitsjen foar Wiëlle Douma en Jet van der Veen. Efkes letter waard ek Dana Philippo foar Alieke Tuin ynwiksele. Dêrnei komt der skot yn de wedstriid: Van Dijk komt ticht by in doelpunt. Har ynset giet fia in Zwolske skonk mar krekt njonken.

Elze Huls

Pas oan de ein fan de wedstriid foel de earste en fuort ek de lêste goal fan de wedstriid. Wol yn it foardiel fan Hearrenfean: Elze Huls brocht frou de froulju fan it Fean de ferlossing yn de hoek fan de goal. Der folge noch twa kear in wiksel by Hearrenfean, mar ekstra doelpunten smiet it net op.

Opstelling SC Hearrenfean: Van der Flier, Kerkhof, Zeeman, R. van der Veen, Douma, Van Ginkel, Philippo, Van de Ven, Van de Westeringh, Van Dijk, Ter Beek

Opstelling PEC Zwolle: Pondes, Van Koot, Bennink, Blom, Van Olst, Van den Goorbergh, Pruim, Van der Vegt, Bruinenberg, Diekman, Noordman

Trefwurden: 
SC Hearrenfean PEC Zwolle
(Advertinsje)
(Advertinsje)