Ien deade en twa persoanen swierferwûne troch slim ûngelok by Sigerswâld

21 maaie 2021 - 18:55

Op de Binnenwei (N917) by Sigerswâld hat freedtemiddei in slim ûngelok west. It gie om in iensidich ûngelok: in auto hat ferskate beammen rekke, bruts dwerstroch en kaam ta stilstân yn in sleat. By it ûngelok kaam ien persoan om it libben. Twa minsken binne swierferwûne rekke.

Foto: Noordernieuws/De Vries Media

Ien fan de ynsitters fan de auto kaam te ferstjerren, in 26-jierrige man út Rijswijk. De twa swierferwûne minsken binne de bestjoerder, in 31-jierrige man sûnder fêst wen- of ferbliuwplak, en in oare ynsitter, in 21-jierrige frou út Zwolle.

Plysje, brânwacht en ambulânse wiene op it plak fan it ûngelok kaam. Ek wie der in traumahelikopter yn Sigerswâld. De dyk wie ôfsletten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)