Flotte reaksje minister op kultuerbrânbrief jout moed: "Mar, earst sjen en dan leauwe"

21 maaie 2021 - 18:21

De teäters, bioskopen en poadia geane sa gau as mooglik wer iepen. Dat seit demisjonêr minister Van Engelshoven freed yn reaksje op brânbrieven út de kultuersektor en regionale polityk. Under oaren deputearre Poepjes stjoerde tongersdei in brief nei Den Haag.

Sietske Poepjes - Foto: Omrop Fryslân

Yn de brânbrief waard in oprop dien om de kultuer gau wer mear romte te jaan. De sektor is fan grut belang, ekonomysk en sosjaal, sizze Poepjes en har kollega's út oare provinsjes.

"It wetter stiet de minsken wolris wat oan de lippen. Minsken dy't kultuermakker binne wolle hiel graach wer oan de gong. Fanwegen har eigen wolwêzen, de keunst, mar ek fanwegen de sinteraasje, it jild."

"Earst sjen, dan leauwe"

It is neffens Poepjes net allinnich goed foar de keunstners, mar ek foar it publyk. "It is ek echt foar de minsken, de mienskip, de Friezen yn ús gefal, sels. It is ek goed yn dizze tiden, dat we dochs sosjaal wolris wat byinoar wei rekke binne, dat der wer wat te dwaan is. En dat kin neffens ús no mei dizze coronasifers en goede protokollen ek."

Van Engelshoven wol gjin konkrete datum jaan dat ûnder oare bioskopen en teäters wer iepen kinne, mar de flotte reaksje fan de minister jout Poepjes moed. "Absolút. Mar, earst sjen, dan leauwe."

Foto: Omrop Fryslân, Janko Krist

Direkteur Titia Huisman fan teäter De Koornbeurs yn Frjentsjer kin net wachtsje oant it safier is. "As it mei, dan sille we de doarren sa gau mooglik wer iepen smite. Wy binne der al hiel lang klear foar, ús protokollen binne allegear yn oarder."

Fanwegen it beheinde tal minsken dat by in foarstelling wêze mei, sil it foarearst net út kinne foar it teäter. "Dat wit ek elkenien, dat is sa. Miskien moatte je dêr earst oerhinne sjen en dêr krije we natuerlik ek stipe foar. It belangrykste is de funksje dy't it teäter hat foar de mienskip, de bining dy't it mei it publyk hat. Dat is it earste dat moat en dêr leit ek ús earste prioriteit."

Deputearre Sietske Poepjes en direkteur Titia Huisman fan De Koornbeurs yn Frjentsjer

(Advertinsje)
(Advertinsje)