Buma pleitet by ynformateur foar Lelyline: "Noarden kin wat bringe yn coronawerstel"

21 maaie 2021 - 18:15

Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert wie freed op de kofje by ynformateur Mariëtte Hamer, dy't wurket oan de kabinetsformaasje. Buma hat pleite foar bettere treinferbiningen yn it Noarden, lykas de Lelyline. "Ik haw benammen it boadskip oerbrocht dat wy as Noarden ek wat bringe kinne," seit Buma. "De grutte opjefte kan it kabinet wurdt it werstel nei de coronakrisis. Dat kin de Rânestêd net allinne, dêr hawwe je it hiele lân foar nedich."

Buma kaam freed del by Mariëtte Hamer:

"It boadskip dat ik jûn haw is dat ik it Deltaplan hiel wichtich foar it Noarden," seit Buma. Hy ferwiist nei it rapport Bouwstenen voor het Deltaplan dat yn april presintearre is.

De provinsje Fryslân biedt hjirmei oan om 45.000 ekstra huzen te bouwen yn ruil foar it oanlizzen en ferbetterjen fan treinspoaren yn it Noarden. De trije noardlike provinsjes en Flevolân wolle dat it nije kabinet 9,5 miljard euro ynvestearret yn de oanlis fan trije nije of oanpaste spoarlinen. Ek wolle se 220.000 huzen bouwe, wêrfan dus 45.000 yn Fryslân.

Spoarlinen foar ekonomyske krêft

De plannen foar de spoarlinen betreffe de Lelyline, de Nedersaksen-line tusken tusken Enschede-Emmen-Grins, de IJmeerline tusken Almere-Amsterdam en it ferbetterjen fan de hjoeddeistige treinferbining tusken Grins, Ljouwert en de Rânestêd oer Zwolle.

Buma: "Dat moat bettere ferbiningen en in gruttere krêft fan ús ekonomy opsmite. It giet dus mei om de Lelyline, ferbiningen streekrjocht nei Ljouwert en Grins," seit Buma.

Buma wist yn 't foar net wêrom't er krekt op de kofje mocht by Hamer. "Ik haw net frege wêrom't ik útnûge waard troch de ynformateur. Ik tocht: as ik as boargemaster fan Ljouwert útnûge wurd, dan gean ik nei Den Haag." Buma is as CDA-prominint wol bekend mei formaasjes.

Bestjoerders en fertjintwurdigers

Buma wie net de iennige boargemaster op besite, want ek Femke Halsema fan Amsterdam en Ahmed Aboutaleb fan Rotterdam kamen del. Dêrnjonken ek foarsitter Jan van Zanen fan de Vereniging van Nederlandse Gemeenten en Han Polma fan provinsjekoepel IPO.

Dêrmei wiene ek fuort de fiif partijen fertsjintwurdige dy't de measte kâns lykje te meitsjen op in formaasjepetear: Van Zanen (VVD), Polman (D66), Buma (CDA), Aboutaleb (PvdA) en Halsema (GL).

Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert

De petearen giene oer de gefolgen fan de coronakrisis: it idee wie om foarstellen te bepraten om wer út de krisis te kommen. Fierder wiene der ferskate bestjoerders en fertsjintwurdigers fan sektoaren dy't swier troffen binne troch de coronamaatregels: foarsitter Ingrid Thijssen fan wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW, foarsitter Tuur Elzinga fan it fakbûn FNV, Jacco Vonhof fan MKB Nederland en Robèr Willemsen fan Koninklijke Horeca Nederland.

(Advertinsje)
(Advertinsje)