GGD Fryslân: Minder sicht op coronafirus troch gebrûk selstests

Troch it gebrûk fan selstests is der minder sicht op it coronafirus. Dat seit Everhard Hofstra fan GGD Fryslân. In test dy't minsken thús dogge, wurdt net registrearre. Ek kin sa'n test in negatyf resultaat jaan, wylst der wol sprake is fan in besmetting. Hofstra leit út wêrom't je better net in selstest brûke kinne.
© ANP
Ut lanlik ûndersyk fan it RIVM en de GGD docht bliken dat ien op de fiif minsken in selstest docht as se coronaklachten ha. Dat is lykwols net de bedoeling, seit Hofstra. "Een zelftest voor thuis is iets minder betrouwbaar dan de sneltest en de PCR-test die we doen bij de GGD. Dat betekent dat de kans dat iemand een negatieve test thuis heeft, maar toch positief is, groter is dan wanneer we het bij de GGD doen."

Negatyf of dochs posityf?

Wêrom is it wichtich om foaral by klachten in offisjele test te dwaan? "We zien met enige regelmaat mensen die een negatieve zelftest thuis hadden, toch uiteindelijk positief blijken te zijn. Dat is vooral vervelend als mensen met klachten een zelftest gaan doen. Mensen denken dat dat ze negatief zijn, gaan allerlei activiteiten ondernemen, en blijken bij ons toch positief te zijn. Dan moeten er heel veel mensen in quarantaine en isolatie en zijn er meer besmettingen ontstaan."
Fan de ûnderfrege Friezen hat 8 prosint alris in selstest brûkt. Ut it lanlike ûndersyk docht bliken dat 87 prosint in GGD-test oanfrege nei in positive selstest. De rest liet net opnij in test dwaan. "Gelukkig komen een heleboel mensen die zelf een test thuis gedaan hebben, en die positief is, alsnog naar de GGD om te hertesten", seit Hofstra. "Een klein deel doet dat niet. Wij adviseren toch om dat wel te doen."

Coronapaspoart

In offisjele test dy't by de GGD registrearre is, kin ek fan belang wêze foar oare saken. "Eventueel voor het coronapaspoort of voor de vaccinatie. Dat je misschien een prik minder nodig hebt, zodat je een paspoort kunt krijgen. En voor ons is het plezierig dat we het bron- en contactonderzoek goed kunnen doen."
Neffens de offisjele coronasifers fan it RIVM en de GGD reitsje der op it stuit minder minsken besmet. De legere sifers kinne it gefolch wêze fan it tanimmende gebrûk fan de selstests, tinkt Hofstra. "Het zal ongetwijfeld een rol meespelen, maar het is nog lastig voor ons om te weten in welke mate dat meespeelt."
Everhard Hofstra fan GGD Fryslân