Marrit Steenbergen strânet yn kwartfinale 200 meter wikselslach

Marrit Steenbergen is freedtemoarn op it Europeesk kampioenskip útskeakele yn de kwartfinale fan de 200 meter wikselslach. De swimster fan Easterwâlde hie by de bêste sechtjin sitte moatten, mar mei har tiid fan 2.15,67 rêdt se dat net op. Se is wol reserve foar de heale finale fan freedtejûn, mochten der noch swimsters ôfheakje.
© Orange Pictures
Foar de wikselslach hie Steenbergen foarôf al gjin al te hege ferwachtings, om't se har mear rjochte hie op de frije slach. Yn har heat einige se as achtste fan de tsien en mei har tiid kaam se ek net yn de buert fan de olympyske limyt, dy't op 2.12,12 leit. Hie Steenbergen ûnder dy tiid swommen, dan hie se har noch pleatse kinnen foar dat ûnderdiel op de Olympyske Spelen. Dat bart dus no net en hiel ferrassend is dat ek net, om't de 21-jierrige swimster dan in flink persoanlik rekôr swimme moast.

Wol medalje mei nei hûs

Hjirtroch sit it Europeesk kampioenskip foar Steenbergen der no op. Se giet mei ien medalje wer nei hûs; moandei wûn se mei de estafetteploech sulver op de 4x100 meter frije slach. Op dat teamûnderdiel komt Steenbergen kommende simmer ek út op de Spelen.