Acht opskuormakkers oanholden foar rebûlje nei Cambuur-fiering

21 maaie 2021 - 15:59

Der binne acht persoanen oanholden fanwege ûngeregeldheden nei de Cambuur-huldiging op 1 maaie. In groep supporters wie dy jûn op it Saailân. Der waard fjoerwurk ôfstutsen en nei yngripen fan de plysje beskûgelen de fertochten de plysje. Ien plysjeman rekke ferwûne oan de holle.

Foto: André Minkema

It ûndersyk giet neffens de plysje noch hieltyd troch. Mear oanhâldingen wurde net útsletten. Teamsjef Klaas Dunnink fan de Ljouwerter plysje fynt it hâlden en dragen fan de belutsen supporters ûnakseptabel. "Het gaat naar omstandigheden goed met onze collega, maar de schrik zit er goed in en hij zal er zeker een litteken aan overhouden. Met deze aanhoudingen geven wij een duidelijk signaal af. Dit geweld tegen de politie wordt niet getolereerd."

Rjochtsaak

Op de dei sels binne der al trije persoanen oanholden. Dêrnei binne der dus nochris fiif by kaam. It giet om manlju tusken de 19 en de 43 jier, út Ljouwert, Stiens en Snits. It giet om fertinkingen fan iepenlike geweldpleging, mishanneling en it fersteuren fan de iepenbiere oarder. De fertochten meie thús harren rjochtsaak ôfwachtsje.

De plysje freget tsjûgen fan de ûngeregeldheden om harren te melden.

Sjoch hjir bylden fan dy jûn:

(Advertinsje)
(Advertinsje)