122 nije coronabesmettingen yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren

21 maaie 2021 - 15:20

Der binne yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren 122 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der fiif minder as tongersdei. Doe giet it om 127 nije besmettingen. Yn trochsneed binne der yn de ôfrûne wike deis 129 besmettingen registrearre.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeente Ljouwert (27), folge troch De Fryske Marren (18) en Noardeast-Fryslân (14).

Ien nij stjergefal

Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren ien stjergefal meld as gefolch fan it coronafirus, it giet om in ynwenner fan Achtkarspelen.

Der binne gjin persoanen mei in coronabesmetting opnaam yn it sikehûs.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlik binne 4.219 nije coronagefallen registrearre. Yn trochsneed waarden de ôfrûne wike 4.367 coronabesmettingen de dei fêststeld yn Nederlân.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)