KAART: Hjir binne allegear stikjes sinnepaniel bedarre

By de grutte brân yn de houthannel yn Noardburgum ûntploften tongersdei sinnepanielen. In soad splinters binne meinaam yn de grutte reekwolken. Omrop Fryslân die in oprop om it gebiet yn kaart te bringen: it docht foarearst bliken dat de stikken foar in grut part yn de rjochting fan Kollumersweach waaid binne.
De gemeente Tytsjerksteradiel advisearret boeren dy't te krijen krigen hawwe mei stikjes sinnepaniel op it lân om kontakt op te nimmen mei de fersekerder foar it oanspraaklik stellen fan de feroarsaker. Dêrnei is it tûk om in skou-ûndersyk te regeljen en it opromjen fan de stikjes yn gong te setten.
Troch sinnepanielstikjes fersmoarge greide moat meand wurde: it gers moat nei in ôffalferwurker. Boeren besuden de N355 kinne it fee wol wer nei bûten dwaan, dêr binne gjin stikjes delkaam.
Yn totaal leine der 1.600 sinnepanielen op de dakken fan de houthannel. De gemeenten Tytsjerksteradiel, Achtkarspelen, Noardeast-Fryslân en Dantumadiel warskôgen foar de skerpe diggels.
It opromjen fan de stikjes sinnepaniel wurdt noch in meunsterput:
De gemeenten freegje ek om fia de webside fan Tytsjerksteradiel offisjeel in melding te dwaan fan de stikjes. Ek foar splinters yn de greide kin kontakt lein wurde mei de gemeente. Wa't stikjes sinnepaniel fynt, kin se it bêste mei moffen oan yn de kontener smite.