Oanhâldingen foar mishanneling

18 nov 2011 - 20:26

De plysje hat twa Ljouwerters fan 18 en 20 jier en twa Swollenaren fan 18 en 17 jier oanhâlden. Se wurde fertocht fan mishanneling.

Se soene yn de nacht fan tongersdei op freed in frou mishannele ha op de Nijstêd yn Ljouwert. De frou fan 25 út Frjentsjer waard tsjin de grûn slein en in pear kear yn har rêch trape.

Trefwurden: 
mishanneling Nijstêd
(advertinsje)