Optimisme op freedsmerk oer ekonomy: "Feest na deze periode van ingetogenheid"

21 maaie 2021 - 14:49

It fertrouwen fan de konsumint yn de ekonomy nimt wer ta. It CBS, it sintraal buro foar de statistyk, meldt freed positivere sifers en mear optimisme. Op de Ljouwerter freedsmerk is dat lûd ek te hearren, al hâlde guon leaver earst de hân noch wat op 'e knip.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

"Mensen hebben lang nauwelijks iets kunnen uitgeven, dus nu de winkels weer open gaan, doen ze dat alsnog", sa waard sein. Ien fan de keaplju wie sels ek optein. "Ik heb met mijn handel 30 tot 40 procent meer omzet gedraaid, dus ik had geen reden om de hand op de knip te houden."

"Geld mut rolle"

In kollega fan him dy't klean ferkeapet, fertelde dat er wol in lestige perioade hân hat. "Ik heb wel een poosje op eieren moeten lopen. Maar nu we weer los kunnen, ben ik optimistisch." Foar in echte Ljouwerter wie it maklik: "Geld mut rolle, ik hew noch noait de hand op 'e knip houden. Jou kinne niks metnimme, nou?"

Ien fan de oare besikers fan de freedsmerk wie foarsichtiger. "Mijn vriendin werkt in de horeca die nog gesloten is, dus hebben we maar de helft van het inkomen. Of dat gauw beter wordt? Eerst zien, dan geloven!"

Feest

It optimisme wie it sterkst by de tasseman. "Ik ben heel optimistisch en denk dat er na deze periode van ingetogenheid gewoon feest uitbreekt." De poelier wie nochter as altyd: "Ik keapje net mear as dat ik nedich bin. De froulju wol, mar ik net."

Ferslachjouwer René Koster op de freedsmerk yn Ljouwert

Trefwurden: 
Ljouwert ekonomy freedsmerk
(Advertinsje)
(Advertinsje)