Into The Great Wide Open giet dit jier net troch: bestjoer siket alternativen

21 maaie 2021 - 14:47

It festival Into The Great Wide open op Flylân giet dit jier net mear troch. Dat hat de organisaasje fan it muzykfestival freed bekend makke. It festival stie op de planning fan 2 oant en mei 5 septimber. Wol seit de organisaasje noch te sykjen nei 'alternative mooglikheden' om noch byinoar te kommen. Mear ynformaasje dêroer folget healwei juny.

Argyffoto fan Into The Great Wide Open - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De organisaasje skriuwt in soad fragen krigen te hawwen oer oft it festival dit jier wol trochgiet. "Daar kunnen we kort over zijn: de hoop op een volwaardig Into The Great Wide Open moeten we laten varen," sa lit it bestjoer witte.

Alternatyf

Wat de alternativen oanbelanget tinkt de organisaasje oan keunst, muzyk, teäter, iten, natuer en aktiviteiten. "En vooral veel rust en ruimte." Wat it wurde kin is dus noch net bekend.

Ferline jier moast it festival ek op syk nei in alternatyf programma:

(Advertinsje)
(Advertinsje)