Eigeners ôfbrânde houthannel: "Us libbenswurk is ferlern, mar we ha elkoar noch"

21 maaie 2021 - 13:03

"Yn in oere wie alles fuort. Dyn libbenswurk is ferlern." Sa hurd gong it tongersdei by de brân yn de houthannel yn Noardburgum, fertelt eigener Lieuwe van der Wal. "Mar we ha elkoar noch, dêrfoar binne we tankber."

"We ha gouden minsken om ús hinne", sizze Lieuwe en Akkelien van der Wal:

Van der Wal en frou Akkelien wienen oan it wurk, doe't de brân útbruts. "We wienen ús hiem oan it opromjen. It is in drokke tiid, dus de planken moasten teplak. We leinen op 'e knibbels, want we wolle it allegear kreas ha. En doe kaam de plysje om 'e hoeke."

Neat mear te rêden

Hiel even ha de eigeners besocht om noch wat fan de saak te rêden. "We ha oan it blussen west en hout oan de kant riden. Mar eins kinst neat mear dwaan. It giet sa hurd, it is sa hyt."

In dei letter giet it nei omstannichheden goed mei de famylje. "Mei ups en downs", seit Akkelien. "We ha elkoar", fertelt Lieuwe.

De emoasjes binne noch wol grut. "We hienen wat opboud en no ha we neat mear. Mar de Heare helpt ús dertroch hinne. En we ha in gouden team. Dat hat altyd al sa west."

Ik siet juster te janken. Net omdat ik alles kwyt wie, mar om de gouden minsken dy't we om ús hinne ha.

Akkelien van der Wal

De famylje Van der Wal wurdt fan alle kanten stipe. "It is net foar te stellen. Der gebeurt sa folle, dan sjochst wat minsken foar dy dogge", seit Akkelien van der Wal. "We krije allegear oanbiedingen, fan loadsen en hûzen dy't we brûke kinne. Ik siet juster te janken. Net omdat ik alles kwyt wie, mar om de gouden minsken dy't we om ús hinne ha. Fantastysk."

De kommende tiid moat it pear sjen hoe't it no fierder moat. "We ha no in lang wykein, tiisdei moatte we der mar wer foar. Ik hoopje dat it gau klear is mei de fersekering. En dat de klanten begripe dat we even gjin gas jaan kinne. Mar dan moatte we foarút, ik wol net mear achterút sjen."

Ien dei nei de grutte brân by houthannel Van der Wal yn Noardburgum is de ravaazje grut:

Trefwurden: 
brân Noardburgum
(Advertinsje)
(Advertinsje)