Netwurksintrum De Klomp biedt Ljouwerters takomstperspektyf: kin net bestiet net

21 maaie 2021 - 10:47

Kompjûterles, deibesteging, wurk fine, itensiede; it kin allegear by netwurksintrum De Klomp yn Ljouwert. Yn it buertsintrum helpe frijwilligers minsken by alderhande saken.

Netwurksintrum De Klomp helpt Ljouwerters mei fan alles

'Kin net bestiet net' is it motto fan De Klomp. It netwurksintrum is útgroeid ta in breed platfoarm dêr't minsken oan har perspektyf wurkje kinne. Nei trije jier binne der ek wurkpleatsen foar hout- en metaalbewurking by kaam en in winkel mei fergees guod. Yn maart is in projekt opset foar it opromjen fan grut ôffal yn de Ljouwerter buerten.

Fjouwertûzen ynwenners fan de gemeente Ljouwert ha yntusken gebrûk makke fan de tsjinsten. Neffens koördinator Senan Hubanic is it netwurksintrum in sukses.

Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

"Veel mensen hebben via het netwerkcentrum een toekomst gekregen", seit Hubanic. "We hebben voor corona al negentien mensen aan betaald werk geholpen. Maar dat mensen betere vaders, moeders worden, lekker in hun vel zitten en dat ze op verjaardagsfeesten kunnen vertellen: 'Ik werk bij het netwerkcentrum', dat is het grote succes."

Netwurksintrum De Klomp yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Yn de wurkpleats oan de Ouddeelstraat wurde fytsen reparearre. Nei in donearaksje op telefyzje en by de ANWB komme der dizze moanne fyfhûndert fytsen binnen.

"Die worden allemaal weggeven aan kinderen van wie de ouders het niet zelf kunnen betalen", fertelt wurkpleatsbegelieder Albert Ronner. "Die kunnen een aanvraag doen bij Samen voor alle Kinderen. Ze krijgen een brief, komen hier een fiets uitzoeken en fietsen de poort uit met een mooie fiets."

Fytsen foar de aksje Kindpakket - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Ronner is as frijwilliger begûn. "Ik ben zeven jaar vrijwilliger. Voor mijzelf is het een stap waarvan ik blij ben, dat ik die heb genomen. Ik heb nu een baan gekregen als activiteitenbegeleider bij Amaryllis." Dy maatskiplike koöperaasje wurket gear mei de gemeente Ljouwert yn De Klomp.

Sûnt jannewaris is De Klomp ek Buurtkamer, in moetingsplak foar de ynwenners fan de wyk Oud-Oost. Mei jeugdfûnsen wurde nije inisjativen en rinnende projekten út earder opbouwurk wei yn de stêd ûntwikkele.

Netwurksintrum De Klomp helpt ek by ferhuzingen - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte
(Advertinsje)
(Advertinsje)