A7 by Drachten oeren ticht troch ûngelok, problemen op Ofslútdyk ek ferholpen

21 maaie 2021 - 13:04

De sneldyk A7 by Drachten is yn eastlike rjochting ticht nei in ûngelok fan in frachtwein. By it ûngelok binne twa minsken ferwûne rekke. De dyk bliuwt noch in grut part fan de dei ticht, seit Rykswettersteat.

De situaasje op de A7:

De oare kant fan de dyk - fan Grins nei It Hearrenfean - is ek foar in grut part ticht, mar it ferkear kin dêr stadich oer de flechtstreek.

By de Ofslútdyk hat it ek oeren tichtstien by Den Oever. It ferkear stie dêr yn beide rjochtingen stil troch in steuring yn de brêge. Rykswettersteat meldt dat dy steuring yntusken ferholpen is. Oarsaak fan de steuring wie de hurde wyn, dêrtroch is de brêge by it tichtgean op 'e needstop slein en koe der in pear oeren gjin ferkear oerhinne.

Troch de middenberm

De frachtwein fan it ûngelok by Drachten is troch de middenberm sketten en leit no oersiden op de dyk. In auto koe de frachtwein net mear ûntwike en rekke dêrtroch ek belutsen by it ûngelok. De twa ferwûnen binne nei it sikehûs brocht. De ferwûne frachtweinbestjoerder is in man fan 61 út Krimpenerwaard, de oare ferwûne is in frou fan 62 út Leek.

Foto: CAMJO media

"De frachtwein leit no oer beide rydbanen, op de fangrail", seit wurdfierder Anne van der Meer fan Rykswettersteat. "Earst docht de plysje ûndersyk en dêrnei kinne we oan de slach om de dyk frij te meitsjen."

'Hooplik foar jûnsspits klear'

Van der Meer seit dat Rykswettersteat noch oeren wurk hat. "Hooplik kin de dyk foar de jûnsspits wer iepen. Mar it wurdt in drege put. We moatte mei it swiere materieel dy kant op. De frachtwein moat derwei, dat duorret oeren. Dan moatte we de fangrail reparearje, want dy is hielendal stikken. En dan moatte we noch sjen hoe't it asfalt derby leit."

De frachtwein is freedtemoarn útladen. Dêr siet fleis yn.

De frachtwein wurdt útladen - Foto: Omrop Fryslân

Ferslachjouwer Onno Falkena op it plak fan it ûngelok

Benammen yn de rjochting fan It Hearrenfean nei Grins ta stie freedtemoarn in lange file tusken ôfslach 29 (Drachten-Sintrum) en it knooppunt Drachten. De fertraging wie grut. Rykswettersteat jout ferkear nei Grins it advys om oer Ljouwert te riden en dan de Wâldwei te nimmen. Mar der is ek omliedingsrûtes ynrjochte oer Wolvegea en Easterwâlde.

Twa ûngelokken yn file

Troch it stilsteande ferkear ha der noch mear ûngelokken west yn de file: persoane-auto's en in bestelbus botsten by-inoar op. Der wiene trije ambulânses nedich om de bestjoerders earste help te jaan. Trije minsken rekken dêr ferwûne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)