Tal sikehûsopnamen de wike troch corona is hast lyk bleaun

Yn de ôfrûne wike is it tal sikehûsopnamen as gefolch fan it coronafirus yn Fryslân likernôch gelyk bleaun. Ferline wike wienen it der 12, dizze wike binne it der 13. Dat docht bliken út sifers fan it RIVM. It tal besmettingen is mei 927 wol omleech gien, ferline wike gie it noch om 1.129 besmettingen.
In testlokaasje foar it coronafirus © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
927 Friezen binne de ôfrûne wike posityf test op it firus. Dat it oantal besmettingen sa leech wie, is net mear foarkaam sûnt novimber.

13 nei sikehûs, 3 stjergefallen

Yn de ôfrûne wike binne 13 Friezen opnaam yn it sikehûs, as gefolch fan it coronafirus. Dat wienen der in wike earder 12. Trije Friezen binne ferstoarn oan it firus.
De measte besmettingen binne dizze wike meld yn de gemeente Ljouwert: it giet om 177 besmettingen. Dêrnei folget Súdwest-Fryslân mei 143 besmettingen.

Omrekkene measte besmettingen op Flylân

Omrekkene nei it tal ynwenners sjit de gemeente Flylân der opnij boppeút. Dêr wiene de ôfrûne wike 433 besmettingen op 100.000 ynwenners. It giet dêr yn absolute oantallen lykwols 'mar' om fiif besmettingen.
Mei mear as 250 besmettingen per 100.000 ynwenners is der neffens it RIVM sprake fan 'extreem veel' nije besmettingen. Dan jildt it risikonivo 'zeer ernstig'. Dat is yn Fryslân allinnich it gefal yn de gemeenten Flylân en Weststellingwerf. Dêr wiene yn de ôfrûne wike 433 en 305 besmettingen op de 100.000 ynwenners.
As it tal besmettingen yn de wike tusken de 100 en 250 per 100.000 ynwenners leit, is de situaasje 'ernstig'. Dat jildt foar alle oare Fryske gemeenten, útsein Skiermûntseach, Skylge, Amelân, Hearrenfean, Smellingerlân en Harns. Yn gemeente Skiermûntseach binne dizze wike gjin coronagefallen fêststeld.
© Omrop Fryslân, Sian Wierda

Mear as 41.000 Friezen hawwe corona hân

Mei de 927 positive testen fan de ôfrûne wike is no yn totaal by 42.134 Friezen it coronafirus fêststeld.
It tal stjergefallen is mei trije dizze wike yn Fryslân lyk bleaun mei de wike derfoar. It offisjele stjertesifer yn Fryslân yn ferbân mei it coronafirus leit no op 473. It werklike tal stjergefallen as gefolch fan it firus leit heger, om't net eltsenien test wurdt. Dêrom is net fan elts stjergefal bekend oft dat oan it firus lei of net.
Sjoch foar mear sifers en foar grafiken oer it coronafirus op ús dossierside.

Tal besmettingen en stjergefallen de wike

WIKE BESMETTINGEN STJERGEFALLEN
14 maaie - 20 maaie 927 3
7 maaie - 13 maaie 1.129 3
30 april - 6 maaie 1.177 4
23 april - 29 april 1.358 4
16 april - 22 april 1.505 1
9 april - 15 april 1.470 6
2 april - 8 april 1.533 4
26 maart - 1 april 1.651 7
19 maart - 25 maart 1.666 10
12 maart - 18 maart 1.611 10
5 maart - 11 maart 1.180 16
26 febrewaris - 4 maart 1.162 19
19 febrewaris - 25 febrewaris 1.350 21
12 febrewaris - 18 febrewaris 1.129 39
5 febrewaris - 11 febrewaris 1.207 41
29 jannewaris - 4 febrewaris 1.181 30
22 jannewaris - 28 jannewaris 1.310 29
15 jannewaris - 21 jannewaris 1.592 20
8 jannewaris - 14 jannewaris 1.529 18
1 jannewaris - 7 jannewaris 1.697 17
25 desimber - 31 desimber 1.644 19
18 desimber - 24 desimber 1.804 5
11 desimber - 17 desimber 1.384 6
4 desimber - 10 desimber 974 4
27 novimber - 3 desimber 703 9
20 novimber - 26 novimber 672 13
13 novimber - 19 novimber 720 17
6 novimber - 12 novimber 561 6
30 oktober - 5 novimber 838 8
23 oktober - 29 oktober 926 9
16 oktober - 22 oktober 1.051 5
9 oktober - 15 oktober 1.160 2
2 oktober - 8 oktober 666 0
25 septimber - 1 oktober 515 0