Reedrydcoach Kuiper nei corona ree foar put by it Dútske reedrydbûn

20 maaie 2021 - 21:16

Reedrydcoach Geert Kuiper fan Aldeholtwâlde wurdt bûnscoach by it Dútske reedrydbûn. De 60-jierrige Kuiper moat him mei it each op de Olympyske Spelen yn Peking rjochtsje op de ploege-efterfolging en de massastart. Dizze funksje die hy earder by it Nederlânske bûn. Sa brocht hy ûnder oare Sven Kramer en Ireen Wüst nei olympyske titels.

Reedrydcoach Geert Kuiper - Foto: Orange Pictures

Kuiper nimt de taak op him yn 'e mande mei de Amerikaan Mueller en de Dútske bûnscoach Jasch. Tusken 2014 en 2018 wie Kuiper as bûnscoach ferantwurdlik foar de seleksje en coaching fan langebaanriders op de ploege-efterfolging, massastart en teamsprint. Koartlyn wurke hy as adviseur by it Kanadeeske bûn.

Coronafirus

"De nije funskje wie net perfoarst fanselssprekkend," leit Kuper út. "It spilet al sûnt de ein fan de winter, doe waard ik frege. Mar ik krige corona en waard slim siik. Dat wie ferfelend en ik tocht: in baan yn Dútslân wurdt neat. Mar ik fûn it wol nijsgjirrich, ik fûn it wol in eare dat sy my seagen as de persoan dy't se sochten."

Ree foar in nije put

Yntusken is de coach wol wer klear foar noch in nije put. "Ik bin bliid hoe't it no giet, trije moannen letter. Ik bin no ree om dit oan te pakken. Dit jier giet it benammen om it oanpakken fan de teamûnderdielen. Op de lange termyn giet it mear om it folsleine Dútske riden, hoe't wy wer by de folgjende Olympyske Spelen winst meitsje kinne. Der is in slach nedich om by de top te hearren. It is útdaagjend, mar dat is allinne mar moai."

Geert Kuiper

Trefwurden: 
Geert Kuiper reedride coach
(Advertinsje)
(Advertinsje)